Wurk oan spoar Ljouwert-Harns

Der ride fan freed oant en mei snein gjin treinen tusken Ljouwert en Harns-Haven. Reden is dat oan de westkant fan Ljouwert trije tunnelbakken ûnder it spoar troch oanlein wurde. Dat bart yn it ramt fan it wurk oan de Heak om Ljouwert.
It wurk begûn yn de nacht fan tongersdei op freed. It is de bedoeling dat de treinen moandeitemoarn wer oer it spoar kinne. Op it trajekt tusken Ljouwert en Harns wurde bussen ynset.