Konvenant alkohol wurket

22 aug 2013 - 20:10

Ien op de fjouwer jongeren ûnder de 16 jier kin yn de gemeente Weststellingwerf noch oan alkohol komme. Yn 2012 wie dat noch sân op de tsien. Dat docht bliken út meardere kontrôles fan it Bureau Horeca Bijzondere Wetten (BHBW).

De gemeente hat yn april in konvenant sletten mei supermerken en sliterijen. Dêrby moasten de winkels in bedrach ynlizze. Mocht by kontrôle fan it BHBW bliken dwaan dat alkohol oan de jongerein ferkocht waard, dan koe de ûndernimmer it ynlisjild ferlieze.

By njoggen gemeenten dêr't gjin konvenant is, koe 91 persint fan de jongeren fan 't simmer oan alkohol komme.

Trefwurden: 
alkohol konvenant BHBW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)