It Bilt wol in sloep oanskaffe

22 aug 2013 - 19:23

De gemeente It Bilt wol in sloep oanskaffe om it elektrysk farren op de noardlike alvestêdefarrûte te befoarderjen. Kosten 24.000 euro. Ek moat it in fierdere ympuls wurde foar it toerisme en rekreaasje yn de regio. Twa ûndernimmers yn It Bilt sille de sloep ferhiere en arranzjeminten oanbiede. De gemeenten Ferwerderadiel en Tytsjerksteradiel hawwe ek al in elektryske sloep oanskaft foar de alvestêdefarrûte.

De ried yn It Bilt moat yn septimber oer it foarstel beslute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)