Undersyk nei donggassen

22 aug 2013 - 17:09

De Voedsel- en Warenautoriteit is mei in wiidweidich ûndersyk begûn nei de herkomst fan de dong yn Longerhou en de gehaltes fan gefaarlike stoffen dêryn. Ferline wike kaam in boer dêr hast om it libben, doe't er dong oan it mjuksjen wie. Yn Makkingea kamen earder trije minsken om.

Lanbou-organisaasje LTO Noard wol boeren nochris wize op de gefaren fan dong. De Voedsel- en Warenautoriteit hat by de boer yn Noard-Nederlân west dêr't de dong weikomt. Der binne ek meunsters naam om it gehalte gefaarlike stoffen te mjitten.

Trefwurden: 
dong
(Advertinsje)
(Advertinsje)