Kums praat mei Zulte Waregem

22 aug 2013 - 16:27

Hearrenfeanspiler Sven Kums praat mei Zulte Waregem oer in mooglike transfer. De Belgyske middenfjilder hat lykwols noch gjin akkoart mei Zulte Waregem. Neffens ynterim-direkteur Gaston Sporre ha Zulte Waregem en Hearrenfean ek noch gjin kontakt hân. Kums is syn basisplak kwyt en wol dêrom wol sjen nei in transfer. Kums is teloarsteld dat Van Basten him eins gjin útlis jûn hat oer wêrom't hy net mear spilet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)