Poepgriper tsjin hûnestront

22 aug 2013 - 12:19

De gemeente Frjentsjerteradiel set hûndert poepgripers yn yn de striid tsjin hûnestront. De gripers binne fan begjin septimber ôf fergees ôf te heljen by de gemeente. Yn de gemeente jildt de plicht om hûnestront sels op te rêden, mar de measte minsken dogge dat net. Dêrom set de gemeente op 2 septimber mei nije kontrôles útein.

Op it lizze litten fan hûnestront stiet in boete dy't oprinne kin ta op syn heechst 130 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)