'Winkels iepen fanwege KH2018'

22 aug 2013 - 12:08

De organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 wol graach dat de winkels yn de binnenstêd op moandeitemoarn 2 septimber iepengean. Dy deis komt de sjuery om te sjen hoefolle kâns oft Ljouwert makket om kulturele haadstêd fan Europa te wurden.

De dei dêrfoar is it keapsnein. Dan fynt yn Ljouwert ek de iepening fan it kulturele seizoen plak yn de foarm fan in 'útmerk'. Op moandeitemoarn binne de measte winkels oars altyd ticht. It definitive beslút oer de kulturele haadstêd falt op 6 septimber. Eindhoven en Maastricht tingje ek mei.

Under winkellju yn de Ljouwerter binnenstêd liket net folle animo te wêzen foar de winkeliepenstelling op moandeitemoarn 2 septimber. Grutte winkelketens lykas V & D en de Hema binne dan wol iepen, mar lytsere saken sille de doarren net iepenje, sa ferwachtet binnenstêdmanager Hayo Galema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)