Frou ferwûne by Wynjewâld
By in ûngelok op de Opperhaudmare by Wynjewâld is tongersdeitemoarn in automobiliste ferwûne rekke. Har auto waard even nei njoggen oere oanriden. De frou kaam by de botsing klem te sitten yn de auto.
De ferwûne frou is oerbrocht nei it sikehûs. De Opperhaudmare hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear.