Jonge winkeldieven oanhâlden

22 aug 2013 - 10:06

Yn in boartersguodwinkel yn de Midstrjitte op 'e Jouwer binne fiif bern oanhâlden. Se hienen stellen guod by harren. It giet om kettinkjes, ringen en krêm. De bern, fjouwer famkes en in jonge fan tusken de 11 en 16 jier út Snits, binne nei't se troch de plysje heard binne, oerdroegen oan harren âlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)