"Trage reorganisaasje yn bou"

Reorganisaasjes by boubedriuwen moatte folle flotter ôfhannele wurde. Dat kin in soad falliseminten tefoaren komme. Dat seit Marten Cornel fan de Fryske ôfdieling Bouwend Nederland yn in reaksje op it fallisemint fan boubedriuw Kramer yn Sint Nyk.
Troch it fallisemint fan Kramer krije santjin minsken dien. Neffens Cornel binne soksoarte falliseminten faak it gefolch fan in mislearre of te trage reorganisaasje. It proses duorret lang, ûnder oare troch de ûnderhannelings mei fakbûnen en ûndernimmingsrieden.
Mei de ûnderhannelings ferliest it bedriuw dêr't it úteinlik allegear om giet: jild. Uteinlik kin dat safolle jild kostje dat it boubedriuw fallyt giet.