Schuil tinkt oan ophâlden

21 aug 2013 - 20:51

Beachfollyballer Richard Schuil hat woansdei mooglik syn lêste wedstriid spile. De 40-jierrige âld-Ljouwerter waard tegearre mei Reinder Nummerdor al yn de earste kwalifikaasjeronde foar it grandslamtoernoai yn Moskou útskeakele. It Grykske duo Georgios Kotsilianos en Nikos Zoupanis wie yn trije sets te sterk foar it Nederlânske duo.

Nei ôfrin liet Schuil witte dat er eins wol syn nocht fan it follybaljen hat. 'Dit kan zomaar mijn laatste wedstrijd zijn geweest', sa seit er sels.

Schuil en Nummerdor waarden trije kear Europeesk kampioen. Op de Olympyske Spelen yn Londen ferline jier grypten se krekt njonken it brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)