Van der Veen wint frouljus-PC

21 aug 2013 - 19:12

De 37e frouljus-PC is woansdei in proai wurden foar it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de iensidige finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-2 te sterk foar earste klas partoer Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer. It wie de twadde PC-oerwinning foar Sjoukje Visser, dy't yn 2010 ek al de bêste wie. Manon Scheepstra waard yn Weidum útroppen ta keninginne.

De lytse preemje gong nei Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra, dy't yn de heale finale ferlearen fan Van der Veen-en-dy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)