Nij festival yn Ljouwert

Monomyth
Yn Ljouwert wurdt it nije festival Into The Void organisearre om de muzyksjenres stoner, sludge en doom hinne. Op 13 oktober is it yn Poppodium Romein. It wurdt organisearre troch de minsken achter Into The Grave yn gearwurking mei webzine Zware Metalen.
Der komme njoggen bands, ûnder oare New Keepers of the Water Towers út Sweden, The Midnight Ghost Train út Amearika en Abysmal Grief út Italië.