Frouljus PC yn Weidum begûn

21 aug 2013 - 13:05

Yn Weidum is woansdei de frouljus PC begûn. Op de list steane tolve partoeren. Ien fan de kânshawwers is it partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser mei Manon Scheepstra. Dy wûnen op de earste list fan it partoer Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra. Ek it partoer fan Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marijke Pompstra is troch nei de twadde list. Se wienen te sterk foar Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma.

Nynke Sijbrandij-en-dy rêden it net op tsjin it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. It partoer fan Nelie Steenstra is ek troch nei de twadde omloop, lykas it partoer fan Nicole Hempenius en dat fan Rianne Vellinga. De winners fan ferline jier Marije Hiemstra en Imke van der Leest binne yn de earste omloop ferslein.

Earste omloop

1. Iris van der Veen tsjin 2. Tineke Dijkstra 5-1 6-2
3. Joukje Kuperus tsjin 4. Sanne Velsma 5-5 4-6
5. Nynke Sijbrandij tsjin 6. Lisette Wagenaar 5-5 2-6
7. Ilse Noorman tsjin 8. Nelie Steenstra 4-5 2-6
9. Nynke Sinnema tsjin 10. Nicole Hempenius 3-5 0-6
11. Marije Hiemstra tsjin 12. Rianne Vellinga 1-5 4-6


Twadde omloop

1. Iris van der Veen tsjin 4. Sanne Velsma 5-5 6-6
6. Lisette Wagenaar tsjin 8. Nelie Steenstra 5-2 6-2
10. Nicole Hempenius tsjin 12. Rianne Vellinga 4-5 6-6


Heale finale

1. Iris van der Veen tsjin 6. Lisette Wagenaar 5-3 6-6
12. Rianne Vellinga steand nr.


Finale

1. Iris van der Veen tsjin 12. Rianne Vellinga 5-1 6-2


Trefwurden: 
keatsen Weidum frouljus PC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)