Rem ferjitten, auto yn see

21 aug 2013 - 11:45

Op it parkearterrein by it Kazemattemuseum is woansdeitemoarn in nagelnije auto fan de dyk ôf nei ûnderen rôle en yn it wetter bedarre. De eigener, in frijwilliger fan it museum, wie ferjitten om de hânrem derop te setten. De auto ferdwûn hielendal ûnder wetter, de eigener wie der al út.

Om't in soad minsken tsjûge wiene en 112 bellen, kamen de helptsjinsten manmachtich nei it plak fan it ûngelok. Mei help fan dûkers en berger is de auto wer op de kant helle.

It ûngelok is in domper op de feestlike dei fan it museum, dêr't de 10.000ste besiker woansdei ûntfongen is. Dat is in moanne earder as oars. Benammen de skoallen witte it museum goed te finen. Ek hat it bot profitearje kinnen fan it moaie waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)