Skoalle Techum 8 wiken ticht

21 aug 2013 - 10:34

It multyfunksjonele skoalgebou yn de Ljouwerter wyk Techum yn de Súdlannen moat fjouwer jier nei de iepening al wer acht wiken ticht. De goed 250 bern fan de trije basisskoallen en de 60 bern dy't gebrûk meitsje fan de berneopfang wurde tydlik ûnderbrocht yn needgebouwen. Sûnt de iepening binne der al problemen. Sa wiene der geregeld lekkaazjes, foel yn de winter de ferwaarming út en wiene der in soad problemen mei de ôffier fan reinwetter. It gebou is nea oplevere. No wurde alle problemen oanpakt en wurdt de technyske ynstallaazje fernijd.

De gemeente Ljouwert draait foarearst op foar de kosten, dat wurdt rûsd op 7 ton. Letter sil besocht wurde dy te ferheljen op de ynstallateur. De skoalle is ticht yn de perioade tusken de hjerstfakânsje en de krystfakânsje. Op 10 septimber is der in ynformaasjejûn foar de âlden.

Trefwurden: 
skoalle Techum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)