Mishanneling yn Ljouwert
In Stienzer (26) is tiisdeitejûn yn Ljouwert flink ferwûne rekke oan it gesicht by in mishanneling oan de Eikenstrjitte. It slachtoffer soe yn in hûs troch ferskate persoanen slein wêze. Ek it ynterieur is fernield. De plysje ûndersiket wat de oarsaak fan it geweld is en docht woansdei buertûndersyk.