Gjin oertredings drankferkeap

Alkohol © Omrop Fryslân
De Skylger hoareka, supermerkmeiwurkers en rekreaasjeûndernimmers hâlde harren goed oan de regels foar ferkeap fan drank oan jeugd. Dy konklúzje lûkt de gemeente nei kontrôles troch tafersjochhâlders fan de gemeente Ljouwert. Dy diene de ôfrûne moanne stekproeven by supermerken, kampingwinkels en bars op it eilân. Ek waard sjoen oft der gjin te jonge jeugd mei drank op strjitte rûn. De kontroleurs kamen gjin inkele oertreding tsjin.