Wagenborg: 'We dogge ús bêst'

Rederij Wagenborg docht der alles oan om fertragings fan de feartsjinsten nei it eilân ta sa folle mooglik te beheinen. Mar in folslein ideale sitewaasje sil der net kome. Dat seit direkteur Ger van Langen fan de rederij yn reaksje op krityk fan Amelanners. Dat komt troch it tij, de breedte -en djipte fan de fargeul en de drokte fan minsken.
De gemeente Amelân wol mei rederij Wagenborg om tafel. It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders sil in brief dêroer stjoere nei de rederij.
De fearboaten hawwe wol gauris fertraging of der is te min plak oan board, sadat passazjiers stean bliuwe.