Famke yn problemen yn Waadsee

20 aug 2013 - 16:01

De rêdingsboat Huibert Dijkstra fan Flylân hat tiisdeitemiddei in famke rêden dat al swimmend op de Waadsee yn problemen rekke wie. It famke wie opfarrende fan it sjarterskip Alberdina fan Enkhuzen, dat droechfallen wie op in sânplaat ûnder Flylân. It famke, in teener, gie te swimmen, mar waard meisleept troch de streaming nei de fargeul en koe net mear oan lân komme.

Har reisgenoaten koene har net mear berikke en sloegen alarm. De meiwurkers fan de rêdingsboat ha har út it wetter helle.

Se wie skrokken, mar hoechde net nei de dokter ta en is werom brocht nei de Alberdina.

Trefwurden: 
Waadsee swimmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)