Frachtwein bedarret yn sleat

20 aug 2013 - 15:50

In frachtwein laden mei pûden mortel is tiisdeitemoarn op de dyk tusken Terherne en Akkrum neist de dyk rekke en yn de feart bedarre. Trochdat in part fan de lading op de dyk klapte, ûntstie der in ravaazje. De mortel stode metersheech yn it rûn en soarge foar grutte hinder foar it ferkear. Meiwurkers fan de gemeente Boarnsterhim hawwe tusken alve oere en healwei twaen dwaande west de mortel fan de dyk te heljen. Dêrnei is de frachtwein burgen.

Trefwurden: 
ûngelok frachtwein mortel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)