Brân yn laadbak jiskewein

20 aug 2013 - 15:05

De brânwacht fan Mantgum hat tiisdeitemiddei in brântsje blust yn de laadbak fan in jiskewein. De sjauffeur fan ôffalferwurker Omrin ûntduts yn Wiuwert dat syn lading rikke en belle de brânwacht. Sjauffeur Binne Bijlsma ried syn jiskewein nei de kazerne yn Mantgum. Dêr stoarte hy de lading smoargens op it terrein en koe de brânwacht oan it wurk.

Twa wiken lyn wie der ek brân yn in jiskewein fan de NNRD. Dat wie yn Hurdegaryp. Ek doe moast de brânwacht de brân blusse.

Trefwurden: 
brân Omrin jiskewein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)