Man yn stellen auto oanhâlden
In man fan 54 jier út Druten is tiisdeitemoarn troch de plysje oanhâlden. De man ried oer de ôfslútdyk yn in auto dy't as stellen opjûn wie. By Skraard krige de man fan de plysje in stopteken en koe hy oanhâlden wurde. De auto is yn beslach naam en sil werom brocht wurde nei de eigner.