Keeper op proef by SC Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat dizze wike keeper Tim Coremans op proef. Hy traint in pear dagen mei en krijt de kâns om in kontrakt te fertsjinjen. Coremans stie ferline seizoen ûnder kontrakt by NAC Breda mar dêr is syn kontrakt net ferlingd.
Cambuur hat nei it fuortgean fan Ruud Swinkels nei Willem II noch ferlet fan in tredde keeper. Leonard Nienhuis en Harm Zeinstra binne op dit stuit de beide keepers yn de seleksje fan Dwight Lodeweges.