Marzo tekenet by Hearrenfean

19 aug 2013 - 17:46

SC Hearrenfean hat de 22-jierrige ferdigener Stefano Marzo foar ien seizoen fêstlein. De Belgyske rjochtsback hat moandei de medyske keuring trochstien. Hy slút him fuortdalik oan by de seleksje fan Hearrenfean. Marzo komt fan de jeugdoplieding fan PSV. Yn desimber 2011 makke er syn debút foar dy klup yn de Europa League-wedstriid tsjin Rapid Boekarest.

Ferline jier tekene Marzo foar fjouwer seizoenen in kontrakt by it Belgyske Beerschot AC. Dy klup gie fallyt en dêrtroch koe Hearrenfean him transferfrij oernimme.

Marzo hat al twa wiken meitraind mei de seleksje. Hy hat in soad nocht om te spyljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)