Cambuur moat stadion oanpasse

19 aug 2013 - 16:35

It stadion fan Sportklup Cambuur moat oanpast wurde, neidat der sneontejûn ûngeregeldheden wiene nei de wedstriid tsjin FC Grins. De Mobile Ienheid moast in pear kear yngripe om fierdere eksessen foar te kommen. Dat barde neidat in tal FC-Grins-supporters yn de earste helte besocht troch it stek by de Cambuurfans te kommen.

Dat stek moat folle steviger, is de útkomst fan in earste evaluaasje. John Schurer, foarsitter fan de supportersferiening fan FC Grins, is it dêrmei iens. Hy siet sneontejûn yn it útfak en fielde him dêr net noflik.

Ek boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wol dat Cambuur it útfak better befeiliget, sadat supporters fan besykjende klups feilich de wedstriden yn Ljouwert bywenje kinne. Hy seit dat foar de folgjende thúswedstryd it stek oanpakt is.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur FC Grins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)