Sandor van der Heide hâldt op

19 aug 2013 - 16:10

Sandor van der Heide hâldt oan de ein fan dit seizoen op mei syn aktive fuotbalkarriêre. De âld-fuotballer fan SC Cambuur hat op dit stuit by ONS Snits in dûbelfunksje. De 35-jierrige Snitser is sawol assistint-trainer as spiler.

Oan de ein fan it seizoen 2011/2012 makke hy de oerstap fan SC Cambuur nei de amateurs fan ONS Snits. Mei ONS waard hy ferline seizoen kampioen yn de haadklasse en spilet hy dit jier yn de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)