Dijksma stipet fiskmigraasje

19 aug 2013 - 15:36

Der kin begûn wurde mei de folgjende faze fan it fiskmigraasjeprojekt by Koarnwertersân. It jild is binnen. Steatssiktaris Sharon Dijksma hat moandei by har besite oan it Waadgebiet 450.000 euro tasein. It programma De Nieuwe Afsluitdijk, in gearwurking fan provinsjes en gemeenten, stiet garant foar de oare 1 miljoen euro dy't nedich is.

Sûnt de komst fan de Ofslútdyk yn 1932 ha fisken it dreech om fan de Waadsee nei de Iselmar te kommen fia de slûzen. In spesjale fiskmigraasjerivier moat dit makliker meitsje.

Yn sa'n fiskmigraasjerivier kinne fisken as Iel, spjirring, stikelbears en oare jonge fisk makliker de oerstek meitsje. De kommende twa jier sil wurke wurde oan it meast optimale ûntwerp hjirfoar. Ein 2015 wurdt dan in definityf beslút naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)