Akkrumer skelt plysjes út

19 aug 2013 - 12:18

De plysje hat snein in Akkrumer (31) oanholden foar it misledigjen fan plysje-aginten en iepenbiere dronkenskip. De man soarge foar oerlêst yn syn wenning oan de Túntsjes. Doe't de plysje bemiddelje soe, waard de man ferfelend. Op strjitte misledige er plysje-aginten en skopte tsjin in plysjemotor oan.

De man is oanslutend fêstset op it plysjeburo. Der is ek proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
dronken misledigje Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)