Fragen oer miljeustrjitte

23 jan 2012 - 12:19

De FNP yn de gemeente Súdwest-Fryslân sil fragen stelle oer de sluting fan de miljeustrjitte yn Koudum. De partij fynt it 'in skandalige manier fan dwaan'. Gemeentebelangen is ek tsjin de sluting. De aksje foar iepenhâlding is oanswingele troch Doarpsfernijing Koudum.

De gemeente dêr't Koudum yn lei is troch fúzje opgien yn de gruttere gemeente Súdwest-Fryslân. Dy fynt no dat de miljeustrjitten Koudum en Heech ticht moatte. Om ôffal fuort te bringen moatte boargers tenei nei Boalsert.

De sluting wurdt yn Koudum sjoen as in oerfal. Der is yn 't foar net oer oerlein. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân fynt de sluting needsaaklik. De reden dêrfan is dat de besteande miljeustrjitten yn Koudum en Heech net oan de easken foldogge en opknappen tefolle jild kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)