Beammen kapt by Bakkefean

© Google Streetview
Steatsboskbehear begjint dizze wike mei it omkapjen fan beammen yn it Mandefjild by Bakkefean. Dat moat soargje foar ferjonging fan de bosk. It moat ek de rannen fan de bosk ôfwikseljender meitsje.
De ôfrûne tsien oant tolve jier hat it aksint yn de bosken lein op natuer en rekreaasje. Om ek de funksje fan houtproduksje yn de takomst feilich te stellen is beamkap needsaaklik. Jong bosk krijt sa mear de romte om te groeien. Yn Nederlân wurdt yn it jier 16 miljoen kúb hout brûkt foar ûnder oare huzebou, papier en ferpakkingsmateriaal.