Mar bytsje duorsumenslienings

De gemeente Achtkarspelen wol graach mear oanfragen foar in duorsumenheidsliening. Mei sa'n liening kinne ynwenners fan de gemeente tsjin in lege rinte jild liene as se ynvestearje wolle yn bygelyks sinnepanielen.
De gemeente hat in ton foar de regeling útlutsen, mar hjirfan is noch net de helte útjûn. Dat is opfallend, want benammen sinnepanielen binne de lêste tiid wakker populêr. Duorsumheidsamtner Lanting fan Achtkarspelen tinkt dat de ynwenners fan de gemeente skruten binne om yn dizze krisistiid in ekstra liening oan te gean.
Lanting tinkt dat in soad minsken allinnich in sinnepaniel ha wolle as se dy sels betelje kinne. Dy ynvestearring kin dan maklik út, want in sinnepaniel kin mear opbringe as jild op de bank sette. Sinne-enerzjy finansiere mei in liening kin wol, mar it weromfertsjinjen fan de ynvestearring duorret dan in stik langer.