Dronken Poal wer pakt
In 42-jierrige Poal moast dit wykein foar de tredde kear it rydbewiis ynleverje foar dronken riden. Plysjes seagen him op de Oostergowei yn Ljouwert. De ljochten fan syn auto wiene stikken. Doe't er dêrop oansprutsen waard, rûkten de plysjes in sterke alkohollucht. Op it buro moast er in blaastest dwaan. Dêr die bliken dat er fierstefolle dronken hie. Syn rydbewiis is yn beslach naam en hy krige in rydferbod fan tsien oeren.
Yn 2007 en 2011 is it rydbewiis fan de ynwenner fan Poalen ek alris yn beslach naam.