Koopmans College nije wike los

19 aug 2013 - 11:39

Noch ien wike, dan begjint foar it earst yn 40 jier tiid in nije middelbere skoalle yn Fryslân. Yn Hurdegaryp iepenet dan it Tjalling Koopmans College: in skoalle foar Mavo, Havo en VWO. Offisjeel is it in katolike skoalle, mar dat is om tastimming te krijen fan de minister. Yn de praktyk draait it om persoanlik ûnderwiis.

Yn de klassen sitte mar 16 bern en dy krije mear les en minder fakânsje as op oare skoallen. Al mei al hat it fiif jier duorre om alles rûn te krijen.

De skoalle begjint yn it âlde ûnderkommen fan basisskoalle de Winde. Dêr kinne se earst trije jier foarút. Dêrnei is mooglik nijbou nedich. It Koopmans College begjint nije wike moandei mei 80 learlingen yn de earste klasse. Om de lytse klassen betelje te kinnen hat de skoalle in hiele lytse lieding. Aparte meiwurkers foar bygelyks de administraasje en systeembehear binne der net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)