Frou ferwûne by oanriding

19 aug 2013 - 11:31

In frou (42) fan De Tynje is sneintemiddei oanriden op de P.G. Otterwei yn Lúnbert. De frou fytste achter yn in groep fan tweintich minsken, doe't se ynhelle waard troch twa auto's. De frou miende lykwols dat it mar ien auto wie. Nei de ynhelaksje fan de earste auto stjoerde se nei links en waard skept troch in bestjoerster (22) út Akkrum.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)