Partij sigaretten stellen
Ynbrekkers hawwe sneintenacht in grutte partij sigaretten stellen by in tankstasjon yn Boalsert. It giet om in benzinestasjon oan de Twibaksdyk.
De dief of dieven hawwe in doar iepenbrutsen om deryn te kommen. De 35-jierrige eigener fan de saak hat oanjefte dien by de plysje.