Lilk: dûk yn auto skopt

Knooppunt De Jouwer © Google Street View
In 50-jierrige ynwenner fan 'e gemeente Skarsterlân is oanhâlden op fertinking fan fernieling. Hy hie dy deis op ferkearsplein De Jouwer rûzje krige mei in 52-jierrige autobestjoerder fan It Hearrenfean. De Skarsterlanner hie op in gefaarlike wize ynfoegd. Doe't beide mannen wachtsje moasten foar it ferkearsplein stapte de man út en begûn te skellen. Hy skopte in dûk yn de doar fan de auto fan de man fan It Hearrenfean.
De Hearrenfeaner warskôge de plysje. De Skarsterlanner hat himsels dy deis sels by de plysje meld.