Laptop stellen yn Ljouwert

19 aug 2013 - 10:44

Yn in wenning oan de Barend van der Veenwei yn Ljouwert is sneintemiddei ynbrutsen. De ynbrekker of ynbrekkers kamen der yn troch in doar iepen te brekken. Ut de wente waarden bankpassen, in laptop, sieraden, in fotokamera en jild meinommen.

In 33-jierrige Bitgumer hat oanjefte dien fan de ynbraak. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
ynbraak laptop stellen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)