Harnzer rydt famke (13) omfier

© ANP XTRA
De plysje hat sneintejûn yn Harns in Harnzer (51) oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed en it trochriden nei in oanriding. De man hie op it Frjentsjerterein in famke (13) út Harns oanriden. De man ried troch en liet it famke yn helpeleaze tastân achter. It famke rekke by it ûngelok ferwûne.
Tsjûgen seagen it ûngelok en warskôgen de plysje, dy't him justjes letter oanhâlde koe yn de Hugo de Grootstrjitte. De man hie drank hân en waard oerbrocht nei it plysjeburo foar azemanalyze. De man waard ynsletten foar neier ûndersyk.
It rydbewiis fan de man waard ynfoardere. Hy krige ek proses-ferbaal en in rydferbod fan 11 oeren. It slachtoffer waard mei de ambulânse mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.