'Earmoedbelied sjit tekoart'

19 aug 2013 - 09:43

Yn Fryslân komt earmoed foar en it regear docht dêr net genôch oan. Dat is it byld fan in enkête fan Eenvandaag ûnder 1175 Friezen. Oanlieding foar de enkête is it berjocht dat ûntwikkelingsorganisaasje Cordaid earmoed ek yn Nederlân bestride wol. Mear as twa tredde fan 'e Friezen tinkt dat der yn Nederlân earmoed foarkomt. Hast twa tredde seit dat it regear der net genôch oan docht.

Diakony-adviseur fan 'e PKN-tsjerken Ate Klomp befestiget it byld. Earmoed komt foar en it tal minsken dat yn earmoed libbet nimt ta.

Klomp tinkt dat de tsjerke in wichtige rol spylje kin yn it bestriden fan 'e earmoed. Neffens Klomp kinne je fan earmoed prate as minsken fanwege jildkrapte net mear nei jierdeisfeestje geane of net meidwaan kinne oan sport of it ferieningslibben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)