Mear dwaan mei 'Wrâlderfguod'

19 aug 2013 - 08:55

Fjouwer jier nei de ynternasjonale erkenning foar it Waadgebiet as wrâlderfguod wurdt der troch ûndernimmers noch amper wat mei dien. Ta dy konklúzje komt de Waadferiening nei in ûndersyk ûnder tsientallen rekreative ûndernimmers. Op de list fan 'e Unesco steane in lytse 900 bysûndere monuminten en natuergebieten oer de hiele wrâld.

De measte ûndernimmers jouwe oan dat se wol kânsen sjogge, mar eins net in euro mear fertsjinje troch dy wrâlderfguodstatus. Moandei is steatssiktaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken op besite op it Waad.

Sy giet ûnder oare nei sânplaat Griend. De Waadferiening sil dan har befinings yn in rapport oanbiede oan de steatssiktaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)