Gjin houtferkeap yn Opsterlân

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Opsterlân hat dizze wike gjin hout te keap. It hout soe beskikber komme fan beammen dy't sneuvelen by it needwaar fan hast twa wiken lyn. Tal fan beammen waaiden doe om en tûken brutsen ôf. Meiwurkers fan it gemeentebedriuw fan Opsterlân ha dagen dwaande west om alles op te rêden. Der wie ek bekend makke dat minsken hout keapje koene by de opslach fan de gemeente.
Der is lykwols net in soad brûkber hout lizzen bleaun. De ferkeap giet dêrom net troch. Fan 't winter is der wol wer hout te krijen.
Opsterlân lit dêr mear oer witte fia de gemeentlike webside.