Cambuur pakt Grins mei 4-1

17 aug 2013 - 20:35

Sportklup Cambuur hat de earste winst yn de earedivyzje te pakken. Yn it eigen stadion waard FC Grins mei 4-1 ferslein. De Ljouwerters spilen in bêste earste helte en namen in 3-0 foarsprong. Michiel Hemmen nei in dikke minút, Erik Bakker healwei it earste bedriuw en Ramon Leeuwin yn de ekstra tiid wiene de doelpuntemakkers. Michael de Leeuw like yn de 50e minút de spanning werom te bringen (3-1), mar Wout Droste soarge yn de 69e minút foar in geweldige feeststimming yn it folle stadion.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)