Westra stiet 6e yn Eneco Tour

Lieuwe Westra © ANP
De Fryske hurdfytsers dogge it goed yn 'e Eneco Tour. Sneon wie de sechsde etappe oer in ôfstân fan 150 kilometer. Lieuwe Westra ried in skoft yn de kopgroep, mar koe de oerwinning net binnenslepe. Hy waard sânde. Westra hat wol in flinke sprong makke yn it algemien klassemint fan it 22e nei it 6e plak. Pieter Weening docht ek goed mei. De Harkemaster stiet 9e. De etappe-oerwinning gie nei David Lopez Garcia út Spanje. Klassemintslieder is no Tom Dumoulin. Snein is de lêste etappe.