Mysterieus bankje by Appelskea

17 aug 2013 - 16:33

Steatsboskbehear hat in bysûndere skinking krigen. By de Kanadamar yn de buert fan Appelskea dûkte earder dizze wike in mysterieus bankje op. In anonime groep jongeren hat fia in filmke op ynternet witte litten achter de aksje te sitten. De Kanadamar is jûns in populêr hingplak foar jeugd. In pear wike lyn sneuvelen lykwols ferskate bankjes en jiske-amers. In flinke strop foar Steatsboskbehear, dy't net fan doel wie om alle bankjes werom te pleatsen. De fernielers binne net achterhelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)