Minder sponsors foar KH Burgum
It konkoers hippyk Burgum hat te krijen mei weromrinnende sponsorynkomsten. Sponsors heakje ôf of jouwe minder jild.
Dit jier is by it hynstespektakel ûnder oare besunige op 'e fasiliteiten. Neffens de organisaasje bliuwt de unike sfear op it 29ste konkoers.