Deade frou fûn yn Makkum
De frou dy't sneontemoarn dea fûn is yn it wetter by de Vallaat yn Makkum is net troch in misdriuw om it libben kaam. Undersyk fan de plysje hat dat útsletten. It lichem fan de frou is fan 'e moarn fûn. It giet nei alle gedachten om in ynwenster fan Makkum. De minsken dy't belutsen wiene by it bergjen fan it lichem en it ûndersyk, ha help krigen fan in spesjalisearre team. Dat fangt helpferlieners op by deadlike ûngelokken.