Soad stipe foar guozzefoarstel

Tsientallen boeren yn Fryslân ha gehoar jûn oan in lanlike oprop fan wyldbehearder Leo van Malsen fan Eksmoarre. De jager wol dat boeren in ûntheffing oanfreegje om ek yn de winterperioade guozzen ôf te sjitten. Boeren ha in soad skea fan guozzen op harren lân dy't hjir it hiele jier binne. Oer de bestriding ha de provinsjes, boeren en natuerbehearders yn it saneamde 'Ganzenakkoord' tal fan ôfspraken makke. Winters moatte de guozzen mei rêst litten wurde, simmerdeis mei der wol sketten wurde.
In soad jagers en boeren ha dêr lykwols twifels oer en binne benaud dat sa it guozzeprobleem alllinne mar grutter wurdt.