Nije gasboarrings Vermilion

Oalje- en gasbedriuw Vermilion út Harns hat in fergunning krigen om de besteande produksjelokaasje yn Nyegea oan te passen foar in nije boarring. Ek is der in eksploitaasjefergunning binnen helle foar ûndersyk yn it gebiet rûnom Akkrum dêr't it bedriuw no noch net aktyf is. Foaral troch de útwreiding fan de ûndersyksaktiviteiten is it bedriuw yn in jier tiid groeid fan 50 nei 75 minsken op fêste en kontraktbasis. De ferwachting is dat tal op koarte termyn trochgroeit nei 100.
Neffens Fokke Jansma fan Vermilion is in nije boarring by Nyegea nedich omdat der oanwizings binne dat der mear gas sit as oant no ta tocht.