Meitinke oer herbestimming

16 aug 2013 - 17:12

Der binne al moaie ideeën betocht foar de nije bestimming fan de gebouwen fan De Vries Kozijnen op De Gordyk. Dat seit Alef Dekker fan de R-DENKERS. Dat is in groep frijwilligers dy't him dwaande hâldt mei in nije ynfulling fan it bedriuweterrein.

Begjin jannewaris waard de kezinefabrikant fallyt ferklearre. Sûnt dy tiid steane de gebouwen leech. Neffens Dekker libbet it ferdwinen fan De Vries noch bot yn it doarp en fine minsken it wichtich dat der gau in nije bestimming komt. Ynkoarten wurdt in tal ideeën foarlein oan omwenjenden.

Ek buorlju wurde frege om sels oer in nije bestimming nei te tinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)